As beakens yn
‘e wyn,
sa mei elkoar
hjir stean.
No dizze
stoarm te gean,
kinn’ dêr net
ûnderút.
Meiïnoar op
dit plak,
hân yn hân de
leechte diele.
Dyn waarme
freonskip fiele,
hjir ta
einbeslút.
No sizze wy farwol
en witte hiel goed,
hjir mei syn
allen,
‘t fielt sa
iensum hjoed.
It gemis dat
bliuwt,
mar it gûlen
ferdwynt.
‘t Jout wol
treast dat libben hieltyd bloeit,
en de stambeam
altyd groeit.
Fan in heit op
soan, fan mem op dochter,
wurdt de bining trochjûn, dat giet nea
foarby.
Bist no by ús
wei,
dêrom dit
earbetoan.
Wy stekke
kearskes oan.
Sa tinke wy
oan dy.
No sizze wy farwol
en witte hiel goed,
hjir mei syn
allen,
‘t fielt sa
iensum hjoed.
It gemis dat
bliuwt,
mar it gûlen
ferdwynt.
‘t Jout wol treast
dat libben hieltyd bloeit,
en de stambeam
altyd groeit.
De wyn as
teken troch ús hierren soeit.
En de stambeam
altyd groeit.
orizjineel The Familytree
Venice
oersetting
Adri de Boer
Cor
Bakker piano
Adri
de Boer sang
Sytse
Broersma en Arvan Blok eftergrûnsang