Hjoed is hjoed
Wêrom sitst dêr sa oer yn,
wat der letter
komt miskyn
Letter is sa fier
hjir wei.
Hjoed is hjoed,
dus pluk de dei.
Wêrom
tinksto toch sa swart
oer wat
letter miskien bart
No is
alles geef en goed,
ík bin
ommers by d hjoed?
Wêz
net bang foar letter.
letter is sa
fier hjir wei.
Wolst it no
noch better?
Hjoed is hjoed,
in hiele dei.
Kinst
it sechje ek miskyn?
‘t Seit sa moai
wat ik ek fyn:
Dat in mins it
measte lijt
fan de angst foar
wat er krijt?
‘t Hat gjin doel
dat is beslist
Datst der no as sa
mei sitst
datsto âlder
wurdst en bryk
Bern,
do bist sa geef as kryt.
Leave santjin noch
oan ta.
Botox wolsto dochs
net ha ?
Do bist moai sa
asto bist.
‘k Wol gjin plaat,
ast dat mar witst.
Dus sit der mar
net oer yn,
wat der letter
komt miskyn.
Lit mar komme wat
der mei.
Hjoed is hjoed, in
hiele dei.
Tekst; Giny bastiaans
Muzyk; Adri de Boer