Colinde
Yn ‘e stal by Bethlehim, sjongt in sêfte frouwestim
sliep berntsje sliep, jou dy lekker del.
Asto sin oan iten hast, kom dan jout mem dy de boarst.
Ast it tsjuster fynst myn soan,doch ik gau in ljochtsje oan
En de bisten oer it sket, dogge neat , se bite net
Asto kâld bist, lytse pop, hellet heit in tekken op.
Asto bang bist foar de wyn, stopj’ik dy noch djipper yn.
En de hoeders, tatebern, komme del om dy te sjen.
En de ingels yn de nacht , hâlde stil oer dy de wacht.