recensie album TIID door Jacob Haagsma in de LC van 24 oktober

24-okt-2015

Frij man nimt de tiid

Fan hjoed ôf is Adri de Boer frij man. Nei 42 jier har er  syn wurk yn de soarch farwol sein, om him, mei syn sechstichste jierdei yn it foarútsjoch, alhiel op de muzyk te storten. Gjin bettere manier om dat te fieren mei in nije plaat. TIID is syn fiifde solo album, de twa mei syn eardere groep A3nSA net iens meirekkene. It is in geef wurkstik, mei in gewisse tematyk. Iepener 'De tiid hâldt gjin skoft' en ôfslúter 'It lân fan myn muzyk' fertelle al hast it ferhaal fan immen dy 't de tiid oan himsles ha wol en it tenei siket yn syn keunst. Ek al binne sommige teksten fan Giny bastiaans-Iedema,  is it sadwaande in tige persoanlike plaat wurden. De Boer giet de djipte yn, sjongt oer libben en oer de dea. Mar hy kin it ek luchtich hâlde lykas yn 'Foar al myn maten'  mei in koar fan, yndie syn maten. Sytse Broersma ( fan De Kast ) hat tige wichtich west foar dizze plaat, as producer, as muzikant en as meiskriuwer oan in pear nûmers. Wat ek net in ûnbelangryk is; it plaatsje sjocht der kreas út, mei in moaie kartonnen slûf ( digipack) en in goed fersoarge tekstboekje. Adri de Boer hoecht sadwaande nochlang net mei pensioen.   JACOB HAAGSMA