Oer Adri

 
Yn ieren en sinen in trûbadoer. De hertferwaarmjende lietsjes fan sjonger-skriuwer Adri de Boer pakke dy by it hert. Tsien kear stie de Frysktalige sjonger mei syn lieten yn de finale fan it Fryske sjongfestival ‘Liet’. Twa kear wûn hy mei syn melodieuze fertolkings fan in eigen liet. Syn Frysktalige programma sit fol prachtige harksankjes troch himsels begelaat op gitaar of piano. Mankelyk en dan wer fleurichop. Altyd út it hert. Dochs giet Adri it aventoer ek net út 'e wei, troch de muzikale gearwurking oan te gean mei brassband, fanfare, harmonie, kwintet of bygelyks pianist en arrangeur Cor Bakker. Sa goed as alle komposysjes binne fan eigen hân, mar ek bewurkings fan Jacques Brell en Frans Halsema hearre ta syn wiidweidige oeuvre. Op Omrop Fryslân is gauris it populêre wurk fan de lietsjessjonger te hearren. Adri is yn te setten foar  strjittefestivals, húskeamerkonserten, doarpsfeesten, mar ek foar by de de bbq. Minder bekind is dat Adri ek sûnt in tal jierren sjongt by útfearten.In optreden fan dizze Fryske trûbadoer is altyd oer alle boegen in súkses. Dizze site jout tagong ta de romme muzikale keuken fan Adri.