ADRI DE BOER GIET OER DE GRINS

10-febr-2017

Yn it jier dat trubadoer Adri de Boer eksakt 30 jier yn de frysktalige muzyk dwaande is Komt hy mei in programma fan prachtige ferskes die harren oarsprong net yn Fryslân hawwe. Yn al de jierren dat Adri sjongt hat hy tal numers oerset en fûn hy it wolris tiid wurden om al dizze oersettings in kear sintraal te setten.

Oersettings fan Jacques Brell, Ramses Shaffy, Herman van Veen,Daniel Loheus, James Taylor, Ralph McTell, The Scene, Frank Boeien, Cornelis Vreeswijk, Adele, Lou Reed, Jim Groce en gean sa mar troch hat Adri yn al die jierren wol yn syn optredens wat fan songen mar nea hat  in optreden  dien mei allinene mar oersettings.Numers fan ein sechsticher jierren oan ’t no sa yn in programma wat hy noch nea earder sa dien hat. Tegearre mei Arvan Blok en mooglik noch in bassist sil hy dit programma  noch foar de simmer in pear kear bringe mar ek nei de simmer sille der in tal optredens komme.

It programma is no al wol te boeken.

kontakt fia 06-44651662 of