' In waarme Simmerjûn yn desimber ' mei Adri de Boer,Folkert Wesseling & Opus 3

25-nov-2016

Teatertalint Folkert Wesseling en Adri de Boer binne in gearwurking oangien foar it opsetten fan in jûnfoljend programma yn en by it NOV busmuseum yn Ouwsterhaule.  Folkert hat fiif jier gearwurke mei it NOV mei as hichtepunt it suksesfolle teaterspektakel ‘BUSterbaarlik’ . It publyk wurdt traktearre op teater fan Folkert en sjongen fan Adri en it koar Opus 3 fan Dokkum. Mar dat is net alles, mar dat sille wy no net ferklappe.

Foar de ôfslútende foarstelling fan Busterbaarlik waard Adri frege as muzikant mei te gean en dat waard in ûnferwacht moaie gearwurking wêr ‘t beide mannen in grutte kick fan krigen en besletten ha in gearwurking oan te gean mei it project ‘ In Waarme Simmerjûn Yn Desimber’ mei sang en theater dat sawol yn it museum as yn de oldtimer bussen plak fine sil. Mooglik is it  bûten iiskâld , mar as jo sjogge en hearre wat der allegear barre sil, liket it wol simmers waarm. In arranzjemint mei in protte ferrassings en.......... poeiermolke.

Kaarten te bestellen fia telefoonnumer 0513-795068

Of maile nei :

De kaarten €15,- p.p. ynklusyf twa konsumpsjes om waarm te bliuwen

 

De foorstellings binneop 9, 10, 11, 15 en 16 Desimber en begjinne om 20.00 oere.

Let op. Der binne foar elek foarstelling mar 50 kaarten beskikber.