Al wer it trêde seisoen wêrby Adri de Boer en Arvan Blok mei in ferfolch komme fan it muzykprogramma ‘Oer de Grins‘ Noch mear mei nije oersettings yn it frysk fan û.o. Pink Floyd, Johnny Cash, Bob Dylan, Everly Brothers, Daniêl Lohues ensafierders. Alde en nije bekende lieten dy harren oarsprong net yn Fryslân ha, wurde op in hiel eigen wize foar it ljocht brocht. It programma is in feestje fan werkenning wêrby de mannen it ek net litte kinne it publyk oan te setten mei te sjongen.
Een live album mei dêrop allegear oersettings fan bekende lietsjes die harren oarsprong net yn Fryslân hawwe.It is no fia dizze site te bestellen.
Leafpine - Liefzeer Daniël Lohues / As it rûst - Als het golft De Dijk /Do hast in freon - You've got a friend Carol King/James Taylor / Romtemantsje - Mr Sp[aceman The Birds / Blau - Blauw The Scene / Tsjonge jonge Ringing I've got to singing Ferre Grignard / Justerjûn - Yesetrday The Beatles /Yn de simmertiid - In the summertime Mungo Jerry /Do joust my wjukken - Calicio skies Paul McCartney / Do en ik - So happy together The Turtles / De Stambeam - Familytree Venice / Ha mar gjin noed - Why worry Dite Straits / Alde dyk - Country road John Denver . De laatste drie nummers zijn bonus tracks en studio opnames.
Juster is yn Noardewyn Life de cd singel en fideoklip fan Berneballade presintearre.
It nûmer komt út it projekt Boudewijn de Groot yn it Frysk en mooglik sil ein fan dit jier it folsleine album útkomme, mei ferskate fryske artysten dy oan dit projekt meiwurke ha.
De vfideoclip om de Frysktalige ferzje fan Kinderballade ( Berneballade Boudwijn de Groot) en songen troch Adri de Boer, is juster opnaamrûnom de lokaasje fan Martenastate ynCornjum.
De opnames binne makke troch Sandermotions út Stiens en de cd yn de Key Studio te Akkrum ynsongen en spile.
It hiele projekt is troch Cees de Wolff út Aldskoat betocht ynklusyf alle oersetting en binne ynsongen troch û.o. Sipke de Boer, Grytsje Melchers, Jan Nota en Adri de Boer.
Wannear de klip klear is is noch net dúdlik, mar de ferwachtings binne heech.
Mei allegear frijwilligers yn prachtige middelieuwske klean diene de bylden somtiden tinken oan de telefyzje serie Floris.
In de Key studio fan Akkrum wurdt wurke oan in album mei Fryske oersettings fan Boudewijn de Groot ferskes. Regelmjittich wurde al nûmers draait fan Grytsje ( Grytz en Grize ) en Sipke de Boer. Op dit stuit is Adri dwaande twa ferkses op te nimmen./Cees de Wolf is de initiatyfnimmer en oersetter fan dit projekt.
2017 is het jier dat Adri al 30 jaar syn frysktalige ferskes hearre lit. Om hjir omtinken oan te jaan is der in jubileumkonsert yn de Buorskip fan De Sweach op sneintemiddei 26 novimber. Adri lit him begeliede troch de gelegenheidsband besteand út Arvan Blok, Bernhard Holtslag, Johannes Rudolphi en Richard Veltman. In miks fan syn moaiste ferskes út dizze 30 jierriche karrièresille foarby komme, mar ek wurde jo traktearre mei ferskes út syn nije programma'Oer de grins'.
Op reis gean is foar in protte minsken in menier om ta rêst te kommen en net om te tinken oan de oanslach fan de belestingtsjinst.
Freonen kinne dan in bytsje jaloersk ‘like’ op de fakânsje kykjes die op facebook steane.
Adri de Boer , kampeergoeroe fan it earste oere, sil jo troch europa sjonge.
Folkert Wesseling, die op skerjontsjes en geitewollen sokken útgean wol op de Spaanske Costa, sil jo fertelle daty hy better slipers oandwaan kint hie.
Adri en Folkert wurkje tegearre mei it Nationaal Vervoers Museum
Dêr wêr ’t sy professionals binne yn ‘“ ik gean op reis en nim mei……”
‘ Op Stap’ is in jûnfoljende foarstelling geskikt foar minsken die ferskuorrend folle, as totaal net fan op reis gean hâlde.
Kin yn elk grut as lyts teater as doarpshûs spile wurde.
Oer boekings meikoarten mear ynformaasje
Yn it jier dat trubadoer Adri de Boer eksakt 30 jier yn de frysktalige muzyk dwaande is Komt hy mei in programma fan prachtige ferskes die harren oarsprong net yn Fryslân hawwe. Yn al de jierren dat Adri sjongt hat hy tal numers oerset en fûn hy it wolris tiid wurden om al dizze oersettings in kear sintraal te setten.
Oersettings fan Jacques Brell, Ramses Shaffy, Herman van Veen,Daniel Loheus, James Taylor, Ralph McTell, The Scene, Frank Boeien, Cornelis Vreeswijk, Adele, Lou Reed, Jim Groce en gean sa mar troch hat Adri yn al die jierren wol yn syn optredens wat fan songen mar nea hat in optreden dien mei allinene mar oersettings.Numers fan ein sechsticher jierren oan ’t no sa yn in programma wat hy noch nea earder sa dien hat. Tegearre mei Arvan Blok en mooglik noch in bassist sil hy dit programma noch foar de simmer in pear kear bringe mar ek nei de simmer sille der in tal optredens komme.
It programma is no al wol te boeken.
kontakt fia 06-44651662 of
Teatertalint Folkert Wesseling en Adri de Boer binne in gearwurking oangien foar it opsetten fan in jûnfoljend programma yn en by it NOV busmuseum yn Ouwsterhaule. Folkert hat fiif jier gearwurke mei it NOV mei as hichtepunt it suksesfolle teaterspektakel ‘BUSterbaarlik’ . It publyk wurdt traktearre op teater fan Folkert en sjongen fan Adri en it koar Opus 3 fan Dokkum. Mar dat is net alles, mar dat sille wy no net ferklappe.
Foar de ôfslútende foarstelling fan Busterbaarlik waard Adri frege as muzikant mei te gean en dat waard in ûnferwacht moaie gearwurking wêr ‘t beide mannen in grutte kick fan krigen en besletten ha in gearwurking oan te gean mei it project ‘ In Waarme Simmerjûn Yn Desimber’ mei sang en theater dat sawol yn it museum as yn de oldtimer bussen plak fine sil. Mooglik is it bûten iiskâld , mar as jo sjogge en hearre wat der allegear barre sil, liket it wol simmers waarm. In arranzjemint mei in protte ferrassings en.......... poeiermolke.
Kaarten te bestellen fia telefoonnumer 0513-795068
Of maile nei :
De kaarten €15,- p.p. ynklusyf twa konsumpsjes om waarm te bliuwen
De foorstellings binneop 9, 10, 11, 15 en 16 Desimber en begjinne om 20.00 oere.
Let op. Der binne foar elek foarstelling mar 50 kaarten beskikber.
Kommende freed giet Adri de Noorderzon studio fan Sytse Broersma yn foar it opnimmen fan in nije kryst singel.De wraldkrysthit fan de Band Slade fan 1973 is troch Adri oerset en wurdt yn in ferrassend nij en kompleet oar jaske stutsen. Ein novimber sit de singel foar it ljocht brocht wurde.
Kommende freed sil Adri de earste cd singel 'De Stambeam' oanbiede yn Noordewyn Life, oan Willem de vries . Om 't der in protte reaksjes opkomme by life optredens komt der wat ekstra oandacht foar dit nûmer, en lutsen fan syn album TIID It nûmer wêr 't de Amerikaanske band Venice tastimming foar joun hat om it út te bringen yn it Frysk, en Cor Bakker de piano ynspile hat.
Foar myn Valentijns húskeamer konsert yn Eastermar kommende freed binne noch in tôlvetal pear plakken beskikber. Ynformaasje en opjefte fia
Wa wit sjogge we elkoar dan.
In drokke tiid foar Adri, mei neist de 7 Kryst-Thúskeamer konserten noch it twatal radio en telefyzje optredens.
It nije album TIID ynklusyf dé winter-kryst sfear skiif 'De waarmte fan desimber' tydlik
€ 22,50 eks ferstjoer.kosten.
It grut tal oanmeldings foar de húskeamer krystkonserten hat resultearre yn in 7 tal konserten. De húskeamers die gjin tasizzing krigen ha krije wol foarrang yn de rigele húskeamer winterkonserten 2016 yn de perioade Jannewaris - Maart.
In stoarmrin op ynskriuwings mei de Kryst thúskonserten fan Adri.
Sûnt it juster meidielt waard yn it programma fan Geert van Tuinen dat ik dizze konserten organisearje wol hat de tillefoan hast net stil west, mar en de mail en facebook jout oan dat der ferlet is fan dit soarte fan konserten.
Húskeamers socht.
Yn desimber wol ik in reeks kryst húskeamerkonserten opsette, en bin benammen troch hiel Fryslân op syk nei minsken die 't harren húskeamer dêrfoar beskikber stelle wolle. Nim kontakt mei my op fia de mail of skilje my dan kinne we beprate hoe dit te organisearjen.
Frij man nimt de tiid
Fan hjoed ôf is Adri de Boer frij man. Nei 42 jier har er syn wurk yn de soarch farwol sein, om him, mei syn sechstichste jierdei yn it foarútsjoch, alhiel op de muzyk te storten. Gjin bettere manier om dat te fieren mei in nije plaat. TIID is syn fiifde solo album, de twa mei syn eardere groep A3nSA net iens meirekkene. It is in geef wurkstik, mei in gewisse tematyk. Iepener 'De tiid hâldt gjin skoft' en ôfslúter 'It lân fan myn muzyk' fertelle al hast it ferhaal fan immen dy 't de tiid oan himsles ha wol en it tenei siket yn syn keunst. Ek al binne sommige teksten fan Giny bastiaans-Iedema, is it sadwaande in tige persoanlike plaat wurden. De Boer giet de djipte yn, sjongt oer libben en oer de dea. Mar hy kin it ek luchtich hâlde lykas yn 'Foar al myn maten' mei in koar fan, yndie syn maten. Sytse Broersma ( fan De Kast ) hat tige wichtich west foar dizze plaat, as producer, as muzikant en as meiskriuwer oan in pear nûmers. Wat ek net in ûnbelangryk is; it plaatsje sjocht der kreas út, mei in moaie kartonnen slûf ( digipack) en in goed fersoarge tekstboekje. Adri de Boer hoecht sadwaande nochlang net mei pensioen. JACOB HAAGSMA
De nije fideoklip 'Oer it waad' stiet fan 4 oktober ôf op dizze site, op Youtube en Omrop Fryslân televyzje sil der ek oandacht oan jaan.
fan 5 oktober ôf is myn nije album 'TIID' in wike lang cd fan 'e wike by Omrop Fryslân.
Sneontemoarn is der in tal doazen binnenkaam by my thús mei it nije album 'TIID"
De cd kin al wol besteld wurde mar kinne pas pas 12 okt de doar út y.f.m. de útrikking fan it earste eksimplaar by de cd presintaasje yn de Buorskip fan Beetstersweach.
Wa dizze krijt ? Komme is witte.
it begjint om 15.00 oere
Tagong is fergees
Sa as elk hearre kint hat yn it programma Noardewyn Live haw ik bekend makke nei 42 jier yn de soarch foar minsken mei in ferstânlike beheining op 31 oktober mei dit wurk stopje sil en my talizze op in muzikale karriere mei hoaplik genôch fraach foar optredens.Ik haw nocht oan myn nije takomst.
Yn it Omrop Fryslân radioprogramma 'Noardewyn live' sil Adri kommende freed 8 Maaie it earste eksimplaar oanbiede fan syn nije cd singel 'Femke famke' oan presintator Willem de Vries. De opbringst fan de singel giet nei giro 555 foar help oan Nepal. Ik wit dat it nea foldwaande wêze sil, mar wol dochs graach in ekstra stjintsje bydrage.
Dizze wike en wike 52 is dit album te keap foar de spesjale priis fan 10 euro eks ferstjoerskosten.
In programma mei âlde en nije lietsjes meastentiids fan eigen hân mar ek fan Giny Bastiaans en Jurjen v.d. Meer nimme it publyk mei yn allerhande saken die ’t wy alle dagen tsjinkomme yn it libben. De leafde, rûzje, de natoer, it bisteryk, de seisoenen, it gemis, doarpfernijing, pake & beppe, de MKZ krisis ensafierders wurde ôfwikseljend mei petearkes yn in jûnfollend programma brocht.
Neist syn grutte hit ‘Soan’ passe ek oersetting yn fan wrâldhits as; You’ve got a friend ( James Taylor ), Streets of London ( Ralph Mctall ), I ‘ll have to say I love you in a song ( Jim Croce ), Raindrops keep fallin on my head ( B.J. Thomas ) prachtig yn dit meinimmende programma.
Altyd mei pasje skreaun, komponeare en songen, makket dat elk ferske hoe dan ek binnenkomt.
Sneon wie it dan safier. De opnames fan defideo klip, troch Sandermotions fan Stiens, om it nije nûmer 'DeTiid Hâldt Gjin Skoft' binne west. Sytze en Hidde Blaauw en soan Menno hawwe in grutte rol as my yn my jeugdtiid. De opnames wiene yn en om de Aldehou hinne.
Hjoed oer fiif wiken sil de nije fideoklip fan my opnommen wurde.
De lokaasje is fêstlein.
Nei de simmer hoapje ik de klip foar it ljocht bringe te kinnen op de site mar ek by de fryske telefyzje stjoerders.
29 juni sille der wewr in pear slachreau partijen ynspile wurde troch Richard Veltman yn de Noorderzon Muziekproducties studio fan Sytse Broersma yn Reduzum. Mooglik sil noch dit jier it fiifde solo album fan my útkomme mar dat hinget der fan ôf hoefolle tiid uk der yn stekke kin . It wurdt in prachtig albumjk mei eigen teksten fan mysels mar ek fan Giny Bastiaans en Sytse Broersma. In pear numers wiene live te hearren op 20 juny by radio Noardewyn wêr ´t ik tegearre mei Arvan Blok Johannes en Thomas Rudolphi. Sjoch link //youtu.be/XeQiXqikt8w
Yn augustus sil Adri in nije fiedeklip opnimme. Mooglik sil dat yn Ljouwert barren gean. In pear oare Liphústers sille ek oan de klip meiwurkje lykas syn soan dy de haadrol alsir spile yn Adri syn earste fideoklip 'Soan'út 1999. No sil in lklip makke wurde fan in lietsje fan it nije album wat opnommen wurd by Sytse Broersma yn Reduzum.
Yn de Fryske top 100 stiet 'Soan' op it 46e plak. In fêste wearde yn de lofter rige sûnt der in Fryske top 100 bestiet. Tige tank foar alle stimmen. In muzykfol 2014 tawinske allegear. Adri
It iepenloftspul Opsterlân komt wer werom yn iepenloft teater Sparjeburd fan De Hemrik. De premiere is op 27 Maaie. Wylde Grizen is in nije produksje, die troch scenarioskriuwster Els Buseman spesjaal foar it iepenloftspul skreaun is. Buseman skriuwt sawol foar toaniel as foar telefyzje; lykas Dankert en Dankert. Keimpe Vlietstra fan Tewispel tekene foar de fryske oersetting. De rezjy is yn hânnen fan Atze J. Lubach. Adri is frege foar in rol as muzykant, oars dan syn bekende rol as frysktalich trûbadour. Foar Adri is it in geweldiche útdaging om dizze rol foarm te jaan.
De wrâlhit út 1969 fan Ralph McTell 'Streets of London' is troch Adri oerset yn it Frysk nei 'Strjitten fan Ljouwert'en is út en troch te beharkjen by Omrop Fryslân radio . Mear wrâldhits út de ein sechsticher en begjin sânticher jierren binne troch Adri oerset en sil hy by syn optredens hearre litte.
It nûmer 'Altyd by my' mei tekst fan Sytse Broersma en muzyk fan Adri is klear foar Airplay. Adri sjongt en spilet gitaar . Dêrneist hawwe Sytse Broersma en Nico Outhuijse muzykaal en technysk by stien.
By it optreden fan Adri, sûnt 15 jier wer ris mei band op it Tsjoch festival, waard it EP-tsje 'James Taylor yn it Frysk presentearre. Op dit skyfke stean trije nûmers; Do hast in freon(You 've got a friend ) Koarnwertersân ( Copperline ) en Fjoer en Rein ( Fire and Rain ) Fia dizze side is de Ep te bestellen.
JAMES TAYLOR YN IT FRYSK
De opnames om it James Taylor projekt hinne yn it frysk fan Adri de Boer en Douwe Bouma Binne klear en wurde op dit stuit mastere yn de SYCO studio fan Ljouwert.
‘Do hast in freon’ ( you’ve got a friend ) opnommen mei it popkoar Sjonge Jonge fan Grou is al regelmjittich yb de omrop te beharkjen
‘Fjoer en rein’ ( Fire and rain) en ‘Koarnwertersân’ ( Copperline ) meitsje it EP –tsje kompleet.
Op it Tsjoch festival yn Wommels op 6 oktober sille dizze trije songs foar it ljocht brocht wurde troch Adri en Douwe tegearre mei Bernard Holtrop basgitaar , Johannes Rudolphy steelgitaar en Arvan Blok gitaar. Dizze groep muzykanten hawwe ek meiwurke oan it yn desimber foar it ljocht brochte album fan Adri, ‘Oer alles skynt de sinne’ wêr ek in tal nûmers fan spile wirde sille. It optreden sil in heal oere yn beslachh nimme en begjint om 20.00 uur.
Foar de programmearring fan Tsjoch op 6 oktober sjoch op
www.tsjoch.nl
It like in wat frjemde ein yn it Oerrock barren mar Adri & freonen brochten in puike set tusken it mear lûdere wurk. Adri die gjin konsesjes yn de menier fan spyljen. De pear hûnder minsken publyk op dat stuit, koe de set fan 25 minuten tige wurdearje.
Nei de gearwurking oan it fierde album fan Adri, ha Douwe Bouma en Adri besletten in gearwurking oan te gean mei in James Taylor yn it frysk projekt. In tal nûmers fan James Taylor binne troch Adri oerset yn it frysk. Der is gearwurking socht mei de Noorderzon studio fan Sytse Broersma , wêr kommend wykein foar in part de opnames makke wurde sille. Yn Maeie sil de skiif foar it ljocht brocht wurde.Der binne kontakten lein dy der ta liede moatte om op 16 Maeie yn de Heiniken Music Halle in groetsjen en moetsjen klear te krijen mei JamesTaylor, en Douwe en Adri de earste skiif fan 'James Taylor yn it frysk' oanbiede wolle.
sneon is Three-ality yn de studio west om de opnames fan it nummer "In bytsje krystich' yn te sjongen mei koarkes.
16 desimber sil Adri syn fierde album ‘Oer alles skynt de sinne’ foar it locht bringe yn De Lantearne fan Surhústerfean.
Adri wurd op dit album bystien troch de muzikanten Arvan Blok op gitaren, Douwe Bouma percussie en slachreau en Bernard Holtrop op basgitaar. Sjongsters Gezina v.d. Zwaag, Kim Stolker en Three-ality sille op dizze jûn meiwukrje, om ’t se ek allen oan in nûmer meiwurke ha. Nei fiif jier is it der dan dochs wer in nij album mei bysûndere nûmers wêr ’t Giny Bastiaans en Adri de beiden teksten foar skreaun ha. Op it nûmer “Mei beide hânnen“ is in opname ferwuke fan de drumband fan Syncoop yn Drachten. Syncoop is in ûnderdiel fan Talant. Adri is sels ek al 38 wurksem by Talant en Adri is tige bliid mei dizze gearwurking. Fierders wurken mei , Cor Bakker op piano, Johannes Rudolphi op steelgeitaar,, Herman Peenstra op akkordeon, en Treeality mei eftergrûnkoarke.
Dizze wike stiet by de Omrop de fryske top 1000 sintraal. Der steane mar leafst 25 nûmers fan Adri yn dizze top 1000. Syn heechste notearing is op 35 mei it nûmer 'Soan'. Ek is der in part fan in troch Adri opstjoerd muzykje brûkt foar in nij karkersliet wat ein dizze wike te hearren is by de radio.