It nije programma 'In rêchpûde fol'

6-aug-2014

In programma mei âlde en nije lietsjes meastentiids fan eigen hân mar ek fan Giny Bastiaans en Jurjen v.d. Meer   nimme it publyk mei yn allerhande saken die ’t wy alle dagen tsjinkomme yn it libben.   De leafde,  rûzje, de natoer, it bisteryk, de seisoenen,  it gemis,  doarpfernijing, pake & beppe,  de MKZ krisis  ensafierders wurde ôfwikseljend mei petearkes yn in jûnfollend programma brocht.                                             

Neist syn grutte hit  ‘Soan’ passe ek oersetting yn fan wrâldhits as; You’ve got a friend ( James Taylor ), Streets of London ( Ralph Mctall ),  I ‘ll have to say I love you in a song ( Jim Croce ),  Raindrops keep fallin on my head ( B.J. Thomas ) prachtig yn dit meinimmende programma.

Altyd mei pasje skreaun, komponeare en songen, makket dat elk ferske hoe dan ek binnenkomt.