Adri mei rol yn Ipenloftspul Opsterlân

21-des-2013

It iepenloftspul Opsterlân komt wer werom yn iepenloft teater Sparjeburd fan De Hemrik. De premiere is op 27 Maaie. Wylde Grizen is in nije produksje, die troch scenarioskriuwster         Els Buseman spesjaal foar it iepenloftspul skreaun is. Buseman skriuwt sawol foar toaniel as foar telefyzje; lykas Dankert en Dankert.  Keimpe Vlietstra fan Tewispel tekene foar de fryske oersetting. De rezjy is yn hânnen fan Atze J. Lubach.  Adri is frege foar in rol as muzykant, oars dan syn bekende rol as frysktalich trûbadour. Foar Adri is it in geweldiche útdaging om dizze rol foarm te jaan.