James Taylor yn it Frysk

8-sept-2012

JAMES TAYLOR YN IT FRYSK

De opnames om it James Taylor projekt hinne  yn it frysk fan Adri de Boer en Douwe Bouma Binne klear en wurde op dit stuit mastere yn de SYCO studio fan Ljouwert.

‘Do hast in freon’ ( you’ve  got a friend ) opnommen mei it popkoar Sjonge Jonge fan Grou is al regelmjittich yb de omrop te beharkjen                                                                        

‘Fjoer en rein’ ( Fire and rain) en ‘Koarnwertersân’ ( Copperline ) meitsje it EP –tsje kompleet.

Op it Tsjoch festival yn Wommels op 6 oktober sille dizze  trije  songs foar it ljocht brocht wurde troch  Adri en Douwe tegearre mei Bernard Holtrop basgitaar , Johannes Rudolphy steelgitaar  en Arvan Blok gitaar. Dizze groep muzykanten hawwe ek meiwurke oan it yn desimber foar it ljocht brochte  album fan Adri, ‘Oer alles skynt de sinne’ wêr ek in tal nûmers fan spile wirde sille. It optreden sil in heal oere yn beslachh nimme en begjint om 20.00 uur.                                              

 Foar de programmearring  fan Tsjoch op 6 oktober sjoch  op 


www.tsjoch.nl