James Taylor yn it frysk

2-febr-2012

Nei de gearwurking oan it fierde album fan Adri, ha Douwe Bouma en Adri besletten in gearwurking oan te gean mei in James Taylor yn it frysk projekt. In tal nûmers fan James Taylor binne troch Adri oerset yn it frysk. Der is gearwurking socht mei de Noorderzon studio fan Sytse Broersma , wêr kommend wykein foar in part de opnames makke wurde sille. Yn Maeie sil de skiif foar it ljocht brocht wurde.Der binne kontakten lein dy der ta liede moatte om op 16 Maeie yn de Heiniken Music Halle in groetsjen en moetsjen klear te krijen mei JamesTaylor, en Douwe en Adri  de earste skiif fan 'James Taylor yn it frysk' oanbiede wolle.