Fjierde album Adri

30-okt-2011
Fjierde album Adri

16 desimber sil Adri syn fierde album ‘Oer alles skynt de sinne’ foar it locht bringe yn De Lantearne fan Surhústerfean.

Adri wurd op dit album bystien troch de muzikanten Arvan Blok op gitaren, Douwe Bouma percussie en slachreau en Bernard Holtrop op basgitaar.  Sjongsters Gezina v.d. Zwaag, Kim Stolker en Three-ality sille op dizze jûn meiwukrje, om ’t se ek  allen oan in nûmer meiwurke  ha. Nei fiif jier is it der dan dochs wer in nij album mei bysûndere nûmers wêr ’t Giny Bastiaans en Adri de beiden teksten foar skreaun ha. Op it nûmer “Mei beide hânnen“  is in opname ferwuke fan de drumband fan Syncoop yn Drachten. Syncoop is in ûnderdiel fan Talant. Adri is sels ek al 38 wurksem by Talant en Adri is tige bliid mei dizze gearwurking. Fierders wurken mei , Cor Bakker op piano, Johannes Rudolphi op steelgeitaar,, Herman Peenstra op akkordeon, en Treeality mei eftergrûnkoarke.